Lek akwadukt noch net ticht

De wurksumheden hawwe noch gjin fertuten dien (foto Jan Douwe Gorter)
It lek yn de Prinses Margriettunnel yn de A7 by Snits is noch net ticht. Meiwurkers fan rykswettersteat hawwe oant moandeitenacht twa oere by it akwadukt mei ûndersyk dwaande west. Oant no ta is noch net krekt dúdlijk wat de oarsaak is.
De risseltaten fan it ûndersyk wurde no evaluearre. De ferwachting is dat yn de rin fan tiisdei dúdlik wurdt wat de oarsaak is en hokker maatregels nommen wurde sille.