Ynbraken oplost mei oanhâlding

07 jul 2009 - 09:49

Mei de oanhâlding fan twa Drachtsters hat de plysje in grut tal ynbraken yn huzen, bedriuwen en op bouplakken oplost. De twa manlju makken diel út fan in groep dy't yn wikseljende gearstalling op paad gie. Ut dy groep binne noch mear minsken oanhâlden.

De binde sloech syn slach yn Fryslân, Grinslân, Drinte en de kop fan Oerisel tusken maaie 2007 en april ferline jier. De folsleine skea rint yn de tonnen. De twa manlju komme nije wike foar de rjochter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)