Ko Wiebe van der Zee yn logo

Wiebe van der Zee jout it logo fan La Vaca Feliz oan projektlieder Tinke Meeren
In ko fan de hân fan keunstskilder Wiebe van der Zee stiet op it logo fan in helpprojekt yn Peru. Van der Zee, dy't bekend wurden is mei syn tekeningen en skilderijen fan kij, hat de ko tekene foar de stifting Ayni Peru-Hollanda.
Dizze stifting sil it logo mei de ko ynsette om jild yn te sammeljen foar in buorkerij dy't farse molke oan earme Peruanen leverje moat. Op dit stuit krije dy fia de oerheid allinne molke yn poeierfoarm.