Gjin hegere molkpriis

© Omrop Fryslân
Suvelconcern FrieslandCampina is net fan doel om de boeren te helpen troch de molkpriis te ferheegjen. Dy hat mei 0,23 sint de liter nea sa leech west as no.
Ut in ûndersyk fan LTO docht bliken dat 70% fan de boeren gjin winst mear makket. Ferline jier krigen de boeren noch in hege priis foar de molke. It suvelconcern lit it oer oan de merk. Der komt ek gjin fûns om de boeren te helpen.