Waadeilânhoppe op klipper

© Omrop Fryslân
Sûnt moandei kin elk dy't dat wol eilânhoppe op de Waadsee mei in klipper út 1889. Inisjatyfnimmer Jurriaan Hartog fart mei de klipper "Willem Jacob" fan Texel nei Skylge en dêrnei nei It Amelân.
De reiskes binne bedoeld foar yndividuele gasten. Dy bliuwe dan twa nachten op alle eilannen. De reis duorret yn totaal acht dagen en wurdt mei organisearre troch StayOkay hostels. De klipper makket tuskentroch ek útstapkes by moanneljocht.