Ofstean donornier noch ûnwis

06 jul 2009 - 11:44

It duorret seker noch trije moanne foardat dúdlik wurdt oft Maggy van Manen út Drachten har nier ôfstean kin oan Adrie de Graaff út Putten. De Graaff hie in advertinsje foar in donornier yn De Telegraaf set. Dy soarge foar in soad mediaoandacht en

Van Manen bea dêrop har help oan. De twa moatte noch wol fjirtjin kear nei it sikehûs foar ûndersyk nei de kâns op slagjen fan 'e operaasje. Van Manen wurdt ek psychologysk ûndersocht om te sjen oft se it wol oankin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)