Unrêst oer 'pedofyl' Aldehaske

De iepenbiere basisskoalle yn Aldehaske
Yn Aldehaske hat opskuor west om in man dy't oansjoen waard foar in pedofyl. Hy is woansdei de basisskoalle útset op it slotfeest om't er dêr gjin bern op skoalle hie. Dêrnei setten jongeren in oprop op Hyves om him yn 'e gaten te hâlden.
De man stie sneon te sjen nei besikers fan it sirkus yn it doarp en by de tennisbaan. Hy is doe klemriden mei de fyts. De plysje waard derby roppen, mar om't er gjin oertreding begien hat, mocht er nei hûs ta.