Motor te hurd: rydbewiis kwyt

06 jul 2009 - 10:05

Twa motorriders moasten sneintemiddei it rydbewiis ynleverje by de plysje omdat se fierste hurd riden.

In 27-jierrige man út Sint Jabik riedt op de Suderwei ticht by syn wenplak mear as twa kear sa hurd: 167 kilometer yn 'e oere. Syn motor is yn beslach naam.

In 34-jierrige Ljouwerter waard op de A7 by Nijlân pakt omdat er 176 kilometer yn 'e oere riedt dêr't 120 tastien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)