Sukses bruorren Fabriek

Fan links ôf: Raymon Woortman, Dirk en Andries Fabriek en Wybe Valkema (foto: Bert Swarts)
Andries Fabriek fan Jobbegea is snein Europeesk kampioen shorttrack wurden yn Noardwâlde. De 22-jierrige motorrider wie ek al de bêste fan Europa yn 2007. Raymon Woortman fan Tytsjerk, de kampioen fan 2008, waard twadde. Wybe Valkema fan De Jouwer, kampioen yn 2004 en 2005, waard tredde.
Ek broer Dirk Fabriek hie sukses. Hy helle de nasjonale titel by de specials. Nei de winst earder yn Vries, De Jouwer en Loppersum, wie in twadde plak snein genôch.