Dyk ticht om fertochte koffers

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemoarn betiid in stik sneldyk by Oranjewâld ôfsletten fanwege fjouwer fertochte koffers. De koffers stiene oan 'e kant fan de dyk. De eksplosive-oprommingstsjinst fan Definsje waard ynskeakele om de koffers iepen te meitsjen.
Al gau kaam de EODD der efter dat de koffers folle wiene mei wetter. Dêrnei waard om seis oere moarns de dyk wer iepene foar ferkear.