Dealer op de Weaze yn Ljouwert
In 34-jierrige man út Ljouwert is sneontemiddei by de Weaze yn Ljouwert oppakt foar it dealen yn drugs. De plysjes seagen de man drugs ferkeapjen.
By de oanhâlding die bliken dat de man 13 boltsjes kokaine by him hie. Ek hie de man in protte jild by him. Fierder fûn de plysje trije telefoans.