Oanholden foar fernielings

05 jul 2009 - 14:55

De plysje hat sneintemoarn yn Drachten fjouwer manlju oppakt foar fernieling en besykjen ta ynbraak. De mannen fan 20, 21, 22 en 23 jier stiene by in auto oan De Wier. Mei noch in oare man wiene se de auto oan it fernielen, mei de bedoeling de auto iepen te brekken.

Trije manlju koene op it selde plak oanholden wurde. Twa oere naaiden út yn 'e auto. Nei in achterfolging troch Drachten waard de auto stilse. De bestjoerder draafde fuort, de passazjier koe oppakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)