Reboelje yn Grinzer Pein

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân hat sneontejûn de plysje Grinslân assistearre by it delbêdzjen fan in rúzje op de Sjallemastrjitte yn de Grinzer Pein. Meardere minsken hiene it mei inoar oan 'e stôk krigen. Nei in rúzje gong in tal oer ta it gebrûk fan wapens.
Sa rûn in ynwenner (62) fan De Pein mei in slach- of stekwapen en wie in plakgenoat (56) de strjitte op gong mei in swurd. In plakgenoat (20) smiet in stien troch in doar, wêrtroch't de 62-jierrige man ferwûne rekke.