Soad oerlêst jeugd op boaten

De plysje hat de ôfrûne wike tsientallen jongeren oppakt dy't fan brêgen sprongen en stikum op boaten klommen. Foaral yn Noardeast-Fryslân is de oerlêst grut. De lêste wike binne tsientallen jongeren oppakt dy't swimme yn de havens by De Westereen en by Swartkrús yn Noardburgum.
It bart sels dat se op in boat klimme en der op skite en pisje. Guon boatsjefarders doarre net mear troch it gebiet te farren. De plysje docht de kontrôles mei ûnopfallende boaten.