Fryske Firefox 3.5 beskikber

05 jul 2009 - 13:38

Firefox 3.5 hat in grutte list oan ferbetterings en in flink hegere faasje wêrmei't websides laden wurde. Nij is ûnder oare it privee sneupe. Ienkear ynskeakele wurdt troch de browser neat bewarre lykas besochte sides of op de kompjûter bewarre lykas cookies.

Tagelyk is it simpel om in webstee út de skiednis te heljen of om de skiednis fan de lêste oeren te wiskjen. Firefox is mei de nije ferzje beskikber yn it Frysk en 74 oare talen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)