Swimbadfernielers oppakt

05 jul 2009 - 09:20

De plysje hat fiif jonges oanhâlden dy't bekend ha dat se ein maaie in soad skea oanrjochte ha yn swimbad de Stiennen Flier op De Jouwer.

De jonges wiene oer de dekkleden fan it bûtenbad rûn. Dy rekken sa bot fernield, dat it swimbad in pear dagen tichtwest hat. In wetterpoloteam út Sweden dat der traine soe, moast útwike nei in oar bad. De fertochten binne tusken de 17 en de 23 jier en komme fan De Jouwer, Terkaple en Uitgeest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)