Wurge Waadrinners rêden

© Omrop Fryslân
De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat sneontemiddei seis Waadrinners fan it Waad ophelle. De minsken wiene te wurch om fierder fan Pieterburen nei Skiermûntseach te rinnen.
De rêdingsboat hat twa fan de seis nei Lauwerseach brocht. De oare fjouwer binne nei Skiermûntseach brocht, sadat se har wer by de groep oanslute koene. De kuierders joegen ta dat se it Waadrinnen ûnderskat ha.