SC Hearrenfean wint mei 1-0

04 jul 2009 - 23:50

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn Beckum de oefenwedstriid tsjin it Belgyske AA Gent mei 1-0 wûn. Gerald Sibon hie al yn de twadde minút mei de holle sukses. Dy stân soe net mear feroarje.

By de Feansters stie opnij de Sloveen Aleksander Seliga op doel. De kommende wike sil der in beslút nommen wurde oft de keeper oanlutsen wurde sil. Igor Djuric hat noch altyd gjin wurkfergunning en Kristian Bak Nielsen hat lêst fan de achillespees.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)