Cambuur wint mei 9-0

04 jul 2009 - 23:30

Cambuur hat sneontejûn ek de twadde oefenwedstriid mei rom ferskil wûn. Yn Deinum waard Sparta '59 mei 9-0 ferslein. Sparta spile mei in tal spilers fan it Ljouwerter Frisia en mei âld Cambuurspiler Martijn Roosenburg, kommend seizoen aktyf foar sneinshaadklasser De Jouwer.

By it skoft stie Cambuur mei 5-0 foar. De doelpuntemakkers: Nassir Maachi (2), Danny Guijt (2), Rence van der Wal (2), Ruud ter Heide, Mark de Vries en Robert van Boxel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)