Fryslân is Hollân de baas

Thewis Hobma sprong it fierst (foto: Martin de Jong)
Fryslân hat sneon yn Winsum de twakamp fierljeppen fan Hollân wûn mei in ferskil fan 2.37 meter. Thewis Hobma wie mei syn 20.05 meter in wichtige pion yn it Fryske team. Syn direkte Hollânske konkurrint Jaco de Groot kaam net fierder as 19.74 meter.
By de froulju gie de winst ek nei Fryslân. Anouk Greveling sprong mei 15.28 meter in nij p.r. mar rekke dêrby oan it ankel blessearre. By de jonges en junioaren gie de winst nei Hollân.