Kaapte Harnzer kaptein nei hûs

04 jul 2009 - 13:52

De Harnzer kaptein Hendrik Toxopeus komt nije wike thús nei't er moannen fêstsitten hat op syn skip, dat kaapt wie troch Somalyske piraten. Toxopeus is sneon mei it skip Pompeï oankaam yn de haven fan Salalah yn Oman. Moandei fljocht er mei twa Belgyske bemanningsleden nei Brussel.

De piraten ha it skip ferline wike snein ferlitten. Se ha losjild krigen, mar it is net bekend hoefolle. It skip wurdt ûndersocht op DNA-spoaren om de kapers letter berjochtsje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)