Gas en stroom goedkeaper

© Omrop Fryslân
De provinsje, alle Fryske gemeenten en in tal kulturele- en sportynstellings kinne fan takom jier ôf goedkeaper gas en stroom krije. In spesjale stifting hat nei in oanbesteging kontrakten tekene mei Nuon en Dong Energy. Se ferwachtsje foar in tredde goedkeaper stroom en gas ynkeapje te kinne as no by Electrabel.
Nuon sil jierliks tûzenen kilowatt's oan stroom leverje. By Dong Enerzjy giet it om de levering fan jierliks acht miljoen kúb gas.