Brân De Wierde ûnder kontrôle

04 jul 2009 - 13:11

De brân op ekopark De Wierde yn Aldehaske is wer ûnder kontrôle. De brân bruts oan de ein fan sneontemoarn út, neidat der freed ek al brân wie. Doe rekke in steapel âlde matrassen yn 'e brân. Dat soarge foar in soad reek. Ut ûndersyk die bliken dat dy net skealik wie. De brân fan sneon is op itselde plak as dy fan freed.

Hoe't it kin dat der opnij brân útbrutsen is, is net bekend. Krekt as freed kaam der sneon wer in soad reek frij, mar sûnder gefaarlike stoffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)