Imago Harns skeind

© Omrop Fryslân
It imago fan Harns is bot skeind troch de útstjoering fan it tv-programma Zembla ferline wike. Dat seit wethâlder Zomers fan de gemeente Harns. Yn dat programma oer de bou fan de ôffaloven krigen de stêd, de provinsje en Omrin der flink fan lâns.
Omrin en de provinsje hawwe net meiwurke oan de útstjoering fan Zembla, mar Zomers die dat wol. Hy hat dêr gjin spyt fan, om't er no wer in kâns krijt yn petear te gean mei tsjinstanders fan de oven.