Triemstra kening by de Masters

04 jul 2009 - 11:24

Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra ha op de Masters op It Hearrenfean de earste oerwinning fan dit seizoen helle. Yn de finale wûnen se op 5-3 en 6-6 fan Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Douwe Groenendijk. Hiemstra sloech doe foar de seisde kear boppe.

Yn de earste omloop hie it partoer al wûn fan Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger mei 5-3 en 6-2. Taeke Triemstra waard útroppen ta kening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)