Pieter Weening langer by Rabo

04 jul 2009 - 10:51

Hurdfytser Pieter Weening sil syn kontrakt by de Rabobank mei in jier ferlinge. Weening dy't dit jier gjin Ronde fan Frankryk rydt, begjint snein oan de Ronde fan Eastenryk.

De hurdfytser fan De Harkema makke yn 2004 syn profdebút yn de kleuren fan de Rabobank. Dêrfoar hat er by deselde sponsor yn de opliedingsploech sitten. De grutste suksessen fan Weening wiene de etappewinst yn de Tour fan 2005 en it Nederlânsk kampioenskip by de beloften yn 2002.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)