Jacht yn need by Skier

04 jul 2009 - 10:00

Twa rêdingsboaten fan Skiermuontseach hawwe op it Waad in jacht holpen dat yn 'e problemen rekke wie. It jacht lei freedtemiddei foar anker, mar dat knapte. It drige dêrtroch fêst te rinnen.

Sjoen it minne waar dat de rjochting fan it Waad op kaam, waard besletten om de rêdingsboaten yn te setten. Dy hawwe it jacht nei de haven op Skiermuontseach brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)