Gjin skealike stoffen by brân

04 jul 2009 - 08:20

Der binne gjin skealike stoffen frijkaam by de brân yn ekopark De Wierde yn Aldehaske. Dat blykt út in kontrôle fan de reek. Bewenners by it park wie freed nei it útbrekken fan 'e brân om fiif oere advisearre om ruten en doarren ticht te hâlden. Healwei de jûn krigen se it berjocht dat dat net mear hoegde.

De brân op it ekopark begûn yn in bak mei matrassen. Fanwege de omfang waarden der meardere helptsjinsten ynskeakele foar de bestriding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)