Romme oerwinning Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat de tradysjonele earste oefenwedstriid tsjin DTD mei 13-2 wûn. De ploech fan trainer Stanley Menzo kaam nei 3 minuten op in 1-0 efterstân mar nei ûnder mear in hattrick fan Jeffrey de Visscher wie de rêststân 5-1 yn it foardiel fan de Ljouwerters.
Nei it skoft wiksele Menzo syn alvetal op njoggen plakken en rûn de stân fierder op. Oanfaller Ruud ter Heide wie mei trije doelpunten trefseker. Sneon spilet Cambuur in oefenwedstriid tsjin Sparta Deinum.