Grutte brân by ôffalstasjon

03 jul 2009 - 19:33
  • Foto's : Fokje Vis

By ôffalstasjon De Wierde by Aldehaske is freedtemiddei in grutte brân útbrutsen. Hússmoargens dat yn in betonnen bak leit, stiet yn 'e brân. Der is in soad reek. Neffens de plysje komme der gjin gefaarlike stoffen frij. Ut foarsoarch rydt der in lûdswein troch Haskerdiken, Nijbrêge en Terbant mei it fersyk ruten en doarren ticht te hâlden.

Korpsen fan De Jouwer, It Hearrenfean en Drachten binne útrukt om it fjoer te bestriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)