Keunst foar bern yn AquaZoo

Ien fan de keunstwurken yn AquaZoo
Yn bistetún AquaZoo yn Ljouwert wurdt hurd wurke oan tolve keunstwurken, dy't yn oktober ûnderdiel wêze sille fan in eksposysje. De keunstwurken binne bedoeld foar jonge bern. Je kinne der net allinnich nei sjen want der is bygelyks in beamhut dêr't je yn klimme kinne en in iglo dy't je neibouwe moatte.
It projekt kostet 1,2 miljoen euro en moat tweintich- oant tritichtûzen ekstra besikers lûke.