SP: 'Adema is ûnbetrouber'

03 jul 2009 - 15:27

In moasje fan wantrouwen tsjin deputearre Adema is "onontkoombaar". Dat seit Ad_van_der_Kolk fan de SP- steatefraksje. Neffens Van der Kolk is Adema ûnbetrouber wurden om't er sein hat dat der in fergelykbere ôffaloven as dy yn Harns boud wurdt, yn Dútslân stiet. No docht bliken dat dat hielendal net sa is.

Fierder fiert Van der Kolk oan dat Adema net reagearje woe yn it tv-programma Zembla en dat de steaten de geheime rapporten net lêze meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)