Akwadukt lekt noch hieltyd

der is ien rydstrook ôfset
It akwadukt ûnder it PM-kanaal by Snits lekt noch hieltyd. Dat meldt Rykswettersteat. RWS hâldt de situaasje skerp yn de gaten. Freed komt der in spesjalist dy't útsykje moat wêr't it wetter no krekt weikomt en hoe't it probleem oplost wurde kin.
De flechtstrook en de rjochterrydstrook yn de rjochting fan De Jouwer bliuwe yn alle gefallen oant en mei moandei ôfsletten. Troch de lekkerij is it asfalt op guon plakken 15 sintimeter omheech drukt.