Sels in nijbouwenning bouwe

© Omrop Fryslân
In groep ynwenners fan Easterlittens bout sels in nijbouwenning. It echte bouwen gebeurt troch boubedriuwen, mar de ynwenners betinke mei help fan saakkundigen wêr't de huzen komme te stean en hoe't se derút komme te sjen.
De gemeente Littenseradiel hat de groep tastimming jûn om alles sels te regeljen. It foardiel is dat de bou fan in nijbouhûs sa in stik goedkeaper is. De ynwenners hawwe in stichting oprjochte om alles te regeljen. Se hoopje noch rykssubsydzje te krijen.