'Lichemsdiel is skedel'

03 jul 2009 - 14:22

It lichemsdiel dat fûn is yn rekreaasjegebiet De Froskepôle yn Ljouwert is in skedel. Dat sizze in pear skoalbern dy't de skedel tongersdeitejûn fûn hawwe. Dy wiene yn de Froskepôle fanwege in sliepfeestje. Doe't se noch in blokje omgiene fûnen se de skedel. Se warskôgen dêrop de plysje.

Dy hat it gebiet ûntromme en ôfset. De ôfsetting duorret yn alle gefallen oant en mei sneon. Salang moat skipfeartferkear in oare rûte nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)