Bloeiende penisplant yn 'e tún

De seldsume penisplant
De famylje Bosma yn Feankleaster hat in seldsume, bloeiende penisplant yn de tún. Dêr kamen se tongersdei achter. Salang't de famylje der wennet, hiene se net yn de gaten dat de plant sa bysûnder wie.
Gewoanwei geane minsken nei de hortus fan Leiden of Haren om sa'n plant te sjen. No kin de penisplant ek besjoen wurde achter de noardfleugel fan Fogelsanghstate yn Feankleaster. De plant is sa'n oardel meter heech.