Goed 10% rydt te hurd yn B'him

03 jul 2009 - 10:25

By twa snelheidskontrôles yn Boarnsterhim binne tongersdei hast 140 automobilisten op 'e bon gien. Op it Leechlân yn Grou riden 80 fan de 650 kontrolearde bestjoerders hurder as de 80 dy't mei. De grutste oertreder ried der 114 kilometer yn 'e oere.

Op de Terhernsterdyk yn Terherne giene 56 fan de 550 kontolearde bestjoerders yn 'e fout. Dêr ried de grutste oertreder 125 kilometer yn 'e oere ynstee fan 80. De kontrôles waarden hâlden nei klachten fan omwenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)