Jild nei frijwilligerssintrale

03 jul 2009 - 07:04

Achtkarspelen krijt mooglik in eigen frijwilligerssintrale. Op inisjatyf fan it CDA hat de gemeenterie 50.000 euro beskikber steld om de sintrale fan 'e grûn te krijen. Neffens it CDA sitte in soad organisaasjes yn Achtkarspelen te springen om frijwilligers.

In frijwilligerssintrale is bedoeld om ferienings dy't frijwilligers sykje yn kontakt bringe mei minsken dy't frijwilligerswurk dwaan wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)