Hooghiemster wint Hoogkerk

Niek Hooghiemster
Niek Hooghiemster hat tongersdeitejûn it kritearium fan Hoogkerk wûn. Yn dizze fjirde wedstriid fan de seisdagen fan it Noordenveld-Westerkwartier sprong de hurdfytser fan Oentsjerk yn it lêste rûntsje út de kopgroep fan sân man. Dy kopgroep wie seis rûntsjes earder ûntstien.
Theo Postma fan Sweagerbosk waard twadde en die bêste saken foar it algemien klassemint. Postma stiet no twa punten achter lieder Peter Jan Polling fan Nieuw Weerdinge.