JR Shipping hat genôch jild

© Omrop Fryslân
Rederij JR Shipping yn Harns hat de acht miljoen by elkoar dy't nedich binne foar needmaatregels om de ekonomyske krisis oan te kinnen. De rederij hie in needfûns oprjochte, dêr't oandielhâlders jild ynstoarte koene.
JR Shipping fart mei konteners. Troch de krisis is it frachtoanbod bot weromrûn en de tariven steane ek bot ûnder druk. It bedriuw hat 3.000 oandielhâlders. Dy binne benadere om jild yn it needfûns te stoarten.