MCL liedt trope-artsen op

02 jul 2009 - 19:35

Sikehûs MCL yn Ljouwert mei sûnt koart trope-artsen opliede. Dat binne dokters dy't har foaral dwaande hâlde mei soarch foar memmen en bern yn ûntwikkelingslannen.

Dokters dy't har yn de trope-genêskunde spesjalisearje wolle, krije in oplieding op it mêd fan de gynekology en de bernegenêskunde. It MCL is it iennichste sikehûs yn it noarden dy't dizze twajierrige oplieding oanbiedt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)