Bunker Koehoal oerdroegen
De lêste bunker yn de Fryske seedyk by Tsjummearum is oerdroegen oan de stichting Bunker Koehoal. Dizze stifting hat de Dútske bunker út de Twadde Wrâldoarloch oernommen fan it wetterskip.
It wetterskip wou it bouwurk slope om't it yn minne steat wie. De bunker wurdt no mooglik in edukaasje- en dokumentaasjesintrum.