Strik mei net ôf yn Marwei

Bewarders yn 'e Marwei moatte de strik omhâlde, hoe waarm it ek is
Meiwurkers fan finzenis De Marwei yn Ljouwert moatte ek by simmerske temperatueren harren strik omhâlde. Dat hat de direksje fan De Marwei oan de meiwurkers witte litten.
Woansdei diene fjouwer bewarders fan finzenis De Marwei de strik ôf, omdat se it dêr te waarm foar fine. De direksje wie hjir min oer te sprekken, foaral omdat de manlju dat sûnder oerlis foarôf diene. De direksje wol fierder net reagearje. It giet om in ynterne kwestje, sa seit in wurdfierder.