Undúdlikheid oer SAR-ferfier

02 jul 2009 - 13:49
  • Crone makket him soargen oer de takomst fan it SAR-pasjinteferfier

In akkoart oer de takomst fan it pasjinteferfier fan de Waadeilannen ôf mei SAR-helikopters is in jier nei dato noch hieltyd net ûndertekene. De ministearjes kinne it net iens wurde oer ferantwurdlikheden en kosten.

Boargemaster Crone fan Ljouwert makket him as baas fan de feilichheidsregio soargen oer de gong fan saken en dat jildt ek foar rêdingsmaatskipij KNRM. It probleem kaam tongersdei boppe wetter by it ûndertekenjen fan in konvenant oer help op it wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)