Achlumer feart befarber makke

© Omrop Fryslân
De opknapte Achlumer Feart is tongersdei offisjeel oplevere. Fan Achlum oant de spoarline by Harns is de farrûte ferbettere. De fargeul is djipper, der is in nije, hegere brêge kaam en de kaden binne ophege. De Achlumer Feart is no ek befarber foar de lytse rekreaasjefeart.
De kaden oan de Achlumerfeart binne ophege mei bagger út de feart sels. Fierder binne op guon plakken de wâlskanten breder makke. It projekt hat mei-inoar 1,2 miljoen euro koste.