Kwart Friezen frijt sûnder

© Omrop Fryslân
75 prosint fan 'e folwoeksenen yn Fryslân frijt mei in kondoom of lit earst in test dwaan op in SOA, in Seksueel Overdraagbare Aandoening. Dat meldt de GGD. It hat ûndersyk dien ûnder 4300 manlju en froulju fan 19 oant en mei 64 jier.
Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat 68 prosint allinnich seks hat mei de eigen partner. Fan 'e minsken mei wikseljende relaasjes, brûkt 53 % altyd in kondoom. 13 prosint hat him wolris teste litten foar in SOA.