WOB-aksje foar Omrinrapporten

02 jul 2009 - 12:56

De steatefraksjes fan de FNP, SP en GrienLinks begjinne in WOB-proseduere om alle rapporten oer de ôffaloven yn Harns te krijen. Op basis fan 'e Wet Openbaarheid van Bestuur (WOB) easkje de partijen ynsjoch yn alle stikken, ynklusyf de achterlizzende rapporten.

De partijen fine dat se oars harren kontrolearjende taak net útfiere kinne. De partijen hiene fragen steld oer de bou fan de ôffaloven yn Harns. Neffens de partijen docht de provinsje te geheimsinnich oer de rapporten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)