Belestingflater Menameradiel

02 jul 2009 - 10:57
  • De belestingflater fan Menameradiel yn byld

De gemeente Menameradiel hat in flater makke by it ferstjoeren fan de oanslachbiljetten foar de gemeentlike belestingen. De ynwenners ha de ôfrûne wike de oanslach ôffalstoffeheffing en rioelrjocht krigen. Dêr hearre twa akseptgirokaart by, mar de bedragen dy't dêrop ynfold binne doge net.

Op de earste akseptgiro stiet it folsleine bedrach yn plak fan 'e helte. De gemeente freget de ynwenners om dy akseptgiro net te brûken. Der wurde nije akseptgirokaarten oanmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)