Man dûnset op plysje-auto

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitemiddei oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert in 37-jierrige man út Twizel oanholden om't er op in plysje-auto stie te dûnsjen. In tsjûge hie dat sjoen en de plysje belle.
De plysje koe de man oppakke. Hy joech ta dat er de plysje-auto fernield hie. Nei ferhoar op it buro die bliken dat de man op moandei ek al in plysje-auto fernield hie, doe oan de Willemskade yn Ljouwert.