Gaslek yn Reahûs

By it oanbringen fan fersierings yn de Slypsterwei yn Reahûs is woansdeitejûn mei in grûnboar in gaslieding rekke. Dêrtroch is in gaslekkaazje ûntstien. Ut foarsoarch waard ien wenning ûntromme.
De brânwacht fan Wommels hie in saneamd wettergerdyn makke om fersprieding fan it gas foar te kommen. In spesjalisearre bedriuw hat de gaslieding repareard. De fersierings yn de strjitte waarden oanbrocht fanwege it doarpsfeest.